XVI.
Prinsesse fen myn keningsdream! De kroan’
Striel’t yn dyn hier, in stjerre yn jountiidsloft—
Ho ljocht dyn klaed! Ik sjuch yn iiv’ge noft
En blide tank dyn swide heech-steat oan.
Dû komst en giest stil nigend nei de troan’
Fen my, dyn foarst en tsjinner, boud. In skoft—
Den rûzet bliid in great muzyk-geroft
En fiere sang by stimm’ge oargeltoan.
Dit is dyn dei, prinsesse fen myn hert!
En hiel dit gea is júbljend fen ús sang
Nou’t foar dyn laitsjend each elts soargjen stjert.
En glimkjend sitst en tinkst en mymrest lang
Wylst hiel de wrâld ien swiet muzykjen heart
Fen mear as ierdske en ivich-tankbre klang.