XVII.
25 Nov.
Det ik dizz’ dei stil nêst dy wêze mei
En nêst dyn foet de blide tiid oertinke,
Hwaens glânz’ge ûren dy yn d’ eagen blinke
Ta wytging fen in iere moarntiids-dei.
Mocht ik in ljeave ús rizend ryk ûntsinke,
De fûlste smert stoar yn mylde oantins wei;
Al sjugge wy dizz’ skieding trienjend nei,
Wy witte, in iiv’ger dei mei oer hjar blinke.
Liz, ljeaf, dyn hân yn mines—sjuch dizz’ dei
Hja is in stjerre yn ’t joun-swirk fen de hjerst,
En silvren glâns spraet oer ús feil’ge wei.
Nou gean wy sterk togearre; yn striid en rêst
For ivich ien, eft God de wijïng sei
Dy’t oan mankoar ús knotte, hillich-fêst.