XIX.
Wit det ik lijde. Mennich iens’me jounen
Ha ’k stúnjend stien foar ’t finster oer de wei:
Nin ien dy’t kaem. En wer forstoar in dei
En húvrjend moast ik gean nei nacht hjar stounen.
En ienlik laei ik del en mymre nei
Oer ’t bange wûnder fen de sliep—wer rounen
Der húvrings oer myn wirge lea—wer wounen
Nachts wriggen al myn krêft yn dwylsin wei.
Mar einlings—wûndre tiid!—sei ien my sêft:
„Ik hâld fen dy.” ’k Haw gûld do’t ljeavjende eagen
Sêft ljochten yn myn siel mei wijde krêft.
De tsjoen tobriek. Sûnt waerd ik goed; sûnt seagen
Myn dreamen ljocht. Hja tiden op dyn trêft—
Noust komd bist, bliuw, yn boun tsjin niid en ljeagen.