XXI.
’k Tink oan ús Twiizler tún. Dêr giet de glâns
Bliid triljend oer de rûzge swiere blêdden;
De deiwyn dounset sêft mei lichte trêdden
De ljochte seamen fen de boskjes lâns.
Stil niget roaze-blomte yn sinn’ge bêdden
En bledtsjes sige del ta roaze-krâns;
Sims fiert de wyn hjar súntsjes mei, dy’t gâns
To núndrjen wit fen krûd en praetske blêdden.
En lange gerzen bûge sêft en soeije
Omheech, omleech, al nei’t de sigen ’t wol,
En sinne-blinkjes glimkje stil en djoeije
D’ âld apel-beam fen douns en maitiid fol,
En ús foriene sielen dreame en bloeije,
Elts nei hjar aerd, eft God hjar heechtiid wol.