XXII.
’t Ljocht dounse foar ús fiet, dêr’t moss’ge groun
Us stille trêdden heinde. In moarntiids-sigen
Oerloek it grien; ’t leaf oan de ting’re twigen
Song rûzjende it bliidste boadskip roun.
Ien timpel wier it wâld. Ik seach de rigen
Fen ’t rûzich beamte as pylders stean, sterk, roun;
Dêrta it leaf ien libjend tek, oerwoun
Fen himel-gloede oer ’t wûndre boun fen twigen.
In blanke flinter flodd’re; in fûgel song.
Yn iep’ner delte laei in glânzich wetter:
Dêr ha wy stil yn rykste mymring stien.
En ’k wist, de moarn wier great, mar ús siel’ fong
Yet klearder glâns en koe de himel better,
En seach hwet heimnis bleau for eltsenien.