XXIII.
Foar ús de sé fen einleasheit, hwaens weagen
Forswolgje hwet hjar glâns bitrout. In wyld
Frjemd liet riist út hjar djip; hjar wiksljend byld
Wearspeeglet ljocht en dûnkrjend yn ús eagen.
Mem Sé, sims ljeave ik dy mei lieten myld,
Sims húvre ik astû riisdest yn dyn fleagen
En stoarmich rôpst: dyn wylde feinten teagen
Fel driigjend op my yn en ’k hie gjin skyld,—
Aloan wier ’k bang for dyn forwoed’ne krêft
Al hie ’k mysels ek sterk; dyn iiz’ge wiette
Bifrear myn dreamen en myn tinz’ne trêft,
Mar hjoed, Mem Sé, omstoarmje ús lûd, en litte
Dyn dreamen ús oerrûzje,—stil en sêft
Scil wy, forboun, ús dochs dyn masters witte.