XXIV.
Mids minsken giet in glâns fen foarstlikheit
Us blinkende eagen oer. Hwent kenings-eare
Waerd ús biskern: nin ien scil ús ûntkeare
Hwet yn syn siele oan skat forhoalen leit.
Us ljochtsjend antlit scil gjin skaed forneare,
Gjin leed scil mear bistean, as ús stim seit
It blide wird fen hope en hearlikheit—
Faek scil ien, as nei ’t ljocht, nei ús him keare:
Sa jaen wy troanjend goede ginst en seine
En ’t ljocht scil om ús seale yn streamen gean,
En blomkje scil ’t dêr’t wyldernissen leine—
Wy hawwe God ús libben’s ynlikst bean,
En Hy joech Ljeafde yn ivichheit, nea eine,
Hwaens stille geasten glimkjend oer ús stean.