XXV.
Meist sitte yn ’t glânzgjen fen midsimmer-sinne.
De hannen gear, stil dreamende dyn liet
Det skielk myn ear yn silvren lûd oergiet,
Wylst oer dyn hier de wiffe sprankels rinne,
Ef meist by jounlocht oer de griizjende ierd’
Yet keiner hearlikheit en myldens winne
—In lette blom, hwaens knoppen iepen binne,
As eltse plant yn dau to slomjen stiet—
Aloan leit oer dyn antlit klearder glâns
As himel’s tûznen sinnen tsjoene kinne
En giet in keiner ljocht dyn eagen lâns.
Dochs bûg ik, dit oertinkend, net, mar binne
Myn tinzen greatsk en weevje in liete-krâns
As rykste lean, fen ’t rykste hert fortsjinne.