XXVII.
’k Haw langst nei dy, myn ljeafste, in langst as wyld
By ’t hjerstmis riist yn ’t ryk fen skûm en weagen,
Dêr’t silvren kobben roppe yn eangst, en fleagen
Forwoed’ne wyn toropje it himel-byld.
’k Bin opstoarme yn de striid en sûnder skyld
Ha ’k sterk myn fijnen stien. Ik wist dyn eagen
My ljeavjend dêr’t ik teach; de goud’ne reagen
Fen kenings-ljeafde oerdizenen my myld.
Ik stoarme en stried; ik woun—nou rêst ik út,
En freedsum bûgt it jounbeamte om my hinne
En sêft is ’t moas en ’t streamke rûzet fyn....
Hwet bist noch fier! ’k Forjit èn rêst èn bút,
En ’k lit it hoars wer rêd en rêdder rinne
En, hjit fen langst, wol ’k iivrje mei de wyn.