XXVIII.
Ho ha de wize dichters ’t goed forstien!
De minsk’ne ljeafde, in bern fen stjerlike ierde,
Riist nei Godsels omheech; hjar dreamen liede
De himel yn, hjar is gjin seine ûntgien.
De sill’ge fjilden biidzje en leanje eltsien
Dy’t ljeafde for syn âlden siert; hja biede
Him swietste frede en rêst, hjar wjittrings skiede
De soarch fier fen syn paed, fen glâns oergien.
Hwaens each syn frjeonen ljeafde biedt, hwaens boarst
Hjar skûl is tsjin de stoarm dy’t elts oerkomt,
Scil ’t werwoun Paradys hjirnei oanskôgje—
Mar hwa’t himsels alhiel syn breid jaen doarst,
Him draecht de ljeafde oer fierste wrâld’ne romt
Nei hwer’t Gods egen timpel-skoarren bôgje.