XXIX.
In silvren boat det oer de weagen driuwt
Nei hwer’t it himel-ljocht fen goud’ne sinne
It wiid birint—de wyn fen goad’ne minne
Dy bliest it foart, wylst goad’ne laits ’t oerwiuwt—
Sa driuwklet ek myn sang fen my fendinne
Op tiid’ne en romte’ sé dy’t sinkt en kliuwt,
Mar ivich scil hja siikje it ljocht det bliuwt,
Al scoe net ien syn gloed mear skôgje kinne.
In boat, det stjerliken mei menn’ge skat
Utristen for in hill’ge skut-goadinne
Dy’t oer de weagen stjûrt hjar deistich lot,
Net oars myn liet, det ’k soarchsum en allinne
Mei grien en roazen útrist haw en det
Ik driuwklje lit nei dyn trochlofte sinne.