XXXI.
In sâlte wyn waeit op tsjin ’t dún. De loft
Is bleek as pearel-glâns; troch lichte dize
Silvret it sinljocht del. En stil forgrize
Fordreamt de sé dit freedsum middei-skoft.
In knyntsje boartet bliid; yn stille nocht
Dounsje twa bûnte flinters, dream-bitize;
In rûp krûpt stadich fierder. Sêft forrize
De stille wizen fen it sé-geroft.
Is ’t net myn stim dy’t dy myn dreamen seit?
’t Lûd is myn siele hiem. En ’k wit, it wide
Draecht fen myn ljeafde in sêfte wytging oan—
Hwent beide ljeafde en sé is ivichheit:
O lústrje hjar den hwet ik dream, it blide,
En lústrje it yn myn egen tinzen-toan!