XXXII.
Sa’t nou millioenen for de iiv’ge rjuchten
Sterk stridend stean, dreaun fen in iizren plicht,
Gearkringend om Gods hill’ge findels, ticht
En sterk tsjin hwa’t, forflokt, net goed-dwaen mòchten:
Sa’t hja, swier bûgd geand ûnder ’t mêdzjend wicht
Fen iivge striid en eangst, dochs machtich witte,
Gods glimkjende ingels scil hjar siele oerjitte
Mei seine en himel-frede, swiet en licht:
Sa ik, dy’t mids it weage-glinstrjend Fryske gea,
Fen tûz’nen ien, de heitlânske idealen
Hanthaevnje tsjin forfal fen jeld en dea,
Wylst by de kriich tsjin ús forâldre kwalen
Dyn siel my sterk bisteevget, det ik nea
Forslopje scil yn striid for folts en tale.