XXXIII.
Do ’k dy oanskôge koe ’k dy as myn breid,
En ’k tanke God, al hie ’k dy neat noch frege,
En ’k wist, al nei’t de tiid ús lok forhege,
Wy ha mankoar al kend yn ivichheit.
Gjin liet det ik dy mymrjend sjong, ef ’t leit
Al tiden yn myn herte, en ’t wachte it hege
Det hiel myn siel’ sêft streake en forwege
Fen wille om ’t wersjen fen hjar iiv’ge breid.
Twa stjerren, sjittend troch de jounske loft,
Sims fen in wolken skaet, den klear togearre
De rounte oerstrieljend mei hjar blanke noft,
Net oars ek wy, dy’t jeldzje noch forstjerre
Mar ivich bin en jimmer ’t swiet geroft
Fen Goades weld’ge sfearen rûzjen hearre.