XXXIV.
Ik riisde, in blom yn skaed fen ivich wâld;
Swiersettich wier de stream en drôf it beamt,
By tiden kaem de wyn en rûze frjemd
En reage yn hjerst’ge tûken, skurf en âld.
Yn wiette en diiz’gens woechs ik op, myn wrâld
Forflokkend om syn twiivlichheit. Myn siel
Woe ljocht en longre nei ien inkle striel,
Mar ’t bleau mar skaed en ’k húvre en ’k waerd kâld.
Mar ear’t ik stoar krong op in lije dei
Ryk blinkend ljocht troch ’t weevljend leaf; de wyn
Wier soel en fierde in rook fen wûnders mei,
En ’t timpre ljocht foel ’t herte sêftkes yn,
Ien súvre pracht fen goud. En hiel dizz’ dei
Stean ’k blinkend yn myn ljochtens, blank en fyn.