XXXVI.
Dû ljeaf, foarstinne, mylde dreamster, breid,
Ho scoe ’k dyn wêzen op it bêst bineame?
Ik lit myn sêftste wirden sjongsum streame
Nei’t moarn en dei en joun syn glinstring leit.
Ast riist yn moarntiids-steat sjongt beamte en reid
Dy ’t keninklike liet; de wjitt’ring-seame
Bloeit wei yn blomte en dreamt syn swietste dreamen
En wit it neij’rjen fen dyn foarstlikheit.
Tomiddei, as de loft fen ljochtens tilt
Sitst dreamend mids dyn simmersk hûs, dyn eagen
Ljocht as de laits dy’t oer de keamer trill’t.
Mar jouns by ’t neiljocht fen de lêste reagen
Bûgst oer my as de breid, dy’t mei my fielt
Ho’t silligens ús siicht út goad’ne eagen.