XXXVIII.
In boat gliidt súntsjes oan de marwâl lâns;
De earnstge wylgen glânzgje yn silvren ljocht;
’t Is ’t ljeave sté det my fornoeging brocht
Dêr’t ik to dreamen laei yn simmer-glâns.
En ’k haw in helt my tocht dy’t stins en skâns
Twong nei syn wil; in kening ha ’k my tocht,
Dy’t, earnstich, from it hillich krús-grêf socht,
In skalt, it hier omwoun mei klimmer-krâns—
Ryk wier ik hjir by silvren wylg’ne dream
As sêft in sigen my oer ’t antlit roun,
En yn it reid biskûle in fûgel song.
Mar dreamde ik menn’ge dream oan mantel-seam,
Nea ealge ik det ik iens in ljeafde foun,
As nou myn stille siel ta júbling twong.