XXXIX.
Nou lit ús sile oer Fryslân’s marr’ne wiid
En lit it boat troch brûs en weagen sjitte,
En lit de sinne ús lokk’ge holle oersnjitte
Mei glinsters, ljocht as simmer’s blanke tiid;
Nou lit de wyn sêft rounje it seil, en litte
God’s sigens ús omstreakje, en roken swiid
Fen himelblomt ús meifiere yn hjar bliid
En loftich gean, det wy ús Sneinsbern witte!
Ho blau de loft yn libb’ne spegels sjoen!
Ho blank it wolken-flues! En reid-omrânne
Leit, bûnt fen blomte, in pôlle yn simmer-tsjoen—
Nou lit ús sile, ien mei de gloed, dy’t lannen
En mar oerwiuwt, ús dy’t de simmer woen’
Al leit hiel d’ierde yn Deâ syn rust’ge bannen.