XL.
Mem Fryslân noeget ús weroan oan ’t hert!
Sêft kaem hjar lûd ús ta, towyl de weagen
By ’t Skeveningske strân it wide oer teagen
Mei ’t liet det ivich rûz’t en nea forstjert.
Wy folgje it fier ljocht fen hjar mymrjende eagen,
Wy folgje en ’t is ús goed. Us siele heart
Fier efter silvren kym in tsjoenend let:
Mem Fryslân’s klokken, liedende oer de weagen.
Farwol nou, blikkrjend sân mei dunen blank!
Jim weagen, sjong ús ’t lied ta ôfskie ta,
Dû himel, jow dyn goede blauwe seine.
En lûder rûz’t de fiere silvren klank:
Gean mei, gean mei! De kimen glânzgje sa:
Mem Fryslâns laits! Nou wol it sangen reine!