II.
Hwet wie de jountiid skier en wiet to fielen,
Do’t ik yet ienlik gyng, fen hoopjen sêd;
Yn ’t giele moas sonk wirch myn swiere trêd,
Ik bea om rêst for myn fordoarme siele.
De blêdden riss’len nêst my, stadich, têd,
Wolkens fen leaf, nea glânzgjende yn de strielen;
Ik seach de geasten dy’t myn lieten stielen,
Bigearte en Dea, dêr dounsjen, wyld en rêd.
In fiere stream moarmle op syn greatske paden,
Dy’t nea net swige en nearne yn ’t neat fordwoun—
En nêst my húvren wiete, núvre skaden
Towile it leaf him ta myn deakrâns’ woun,
Mar nearne it blomte wyt, en nea de saden
Dêr’t sjongsum ’t wiet omhegen riisde en roun.