V.
De Maitiid kaem: ik haw myn keamer sletten,
Hwent mei de minsken gyngste en glimkest, bliid;
For my wier ljeafde dea en hiel de tiid
Do’t alles nij waerd neffens iiv’ge wetten.
It jier waerd ryp, en oan de jounloft bletten
De wolkens roazich-rea; de wrâld stie swiid
To prieljen yn it pronkjend ljocht—en Niid
En Hate en Hjerst haw ik earst do forgetten.
Oktober glimke kâld, myn ljeafde bloeide
En woechs al krêft’ger tsjin it friezen yn,
Hwent yn dyn eagen fielde ik fjûr, det gloeide.
Nou soargje ik skielk for dy, en d’ iizge wyn
Wykt krêftleas for de moed, dy’t yn my groeide;—
It dûrret lang, ear’t ik dyn ljeafde fyn.