XI.
Dy haw ik sein hwet op my weacht: it lêst
Hast fen gjin ien sa field, it frjemde lok
Det inkeld ik hjir wit, myn laits om sok
In heimich ding as d’ ienris iivge rêst.
En nou: scilstou forstean? My pleagen drok
Hwa’t my as ljeafsten gouwen: sterk en fêst
Droech nimmen ’t jok yet fen myn ljeafde, en dwêst
Waerd nea myn langst, myn ljeafde mear as flok.
Dit is hwerom ik gean, in prins sa ljocht:
Det nimmen lijt as ik, om’t nimmen socht
De stien, dy’t flûnkret yn it hert’ fen d’ ierde.
Dit is hwerom ik bûg, in mûnts sa leech:
Nimmen seach mei my yet, dêr jinsen, heech
De blauwe glâns, dy’t al myn dreamen sierde.