XII.
As ’k dea bin, wier? den sjongst in kostlik liet:
Fen ho’t hy frjemd wier, faeks en njoer en kâld
En hjerst fen skyn, mar Maeije yn ’t hert—de wrâld
Forstie him net, sa sjongste frjeonlik-swiet;
Hy wier net earm, sa seist den, in geniet,
Myld, nuver, joech him ljocht; hy wier net âld,
Mar jong as froast’ge maitiidsmoarn; it wâld
Wier him ta frjeon, ta ljeafste it hymjend wiet.
Hy, hater, wier mei roazen bliid; it giel
Fen ’t weagjend nôt wier him, de donkre, djûr;
Net ien, mar Ik, mar Ik forstie syn siel’.
Nou bin ik ienlik, drôf; in hetsich sûr
Barnt my de tonge; in koarts fen longrjend fiel
Nei Him, nei Him bliuwt my nou inkeld oer.