XIII.
As ’k dea bin, wis, den sjongst in hearlik liet,
Det hiel de wrâld forstive stiet fen smert,
En wer ûntweitsjend, lústrjend seit: dêr let
In klok aloan fen in to frjemd fortriet.
Den bringt men dy oliif en drúf; ien biedt
Dy, earme sjonger, ’t bloed oan fen syn hert’,
’t Lûd fen syn siele in oar; en elts bidjert
Dy sêft mei jeften om dyn yndrôf liet.
Mar dou nimst neat mear nei dy: dou bist bliid
As ’t bloed dy fen dyn soallen rint, as ’t each
Dy diiznich wirdt: sa komt dyn lêste tiid...
Myn holle omspint de Dea mei rust-brún reach,
Yn griis klaed sit ik stil by ’t Deade-wiid,
Det blyn slacht hwa’t syn weagen skûmjen seach.