XV.
Sa lang ik fen hwa’t diel hawwe oan dyn siele,
It heechste riis yn fieling en yn liet
En ’t keninklike poarper draech, bistiet
Myn ljeafde lyk in snieberch, goud-oerstriele.
En yn myn dreamen hearst oan my, en fiele
Myn tinzen neat fen hwet ús ivich skiedt,
Lyk strûzend ek in sémieu oer it wiet
Gjin weagen wit, mar oanfljucht, ljocht-bimiele.
Ik seach yn ’t ivich blau de hege sinne
Sa prinslik glânzgjen oer it prieljend gea—
Scoe ik dy ea as ljeafste groetsje kinne?
Mar nou toraent it lêste jountiids-rea,
De lûde sé brûz’t oer fen wylde minne—
En op myn herte slacht it fûl del: Nea!