XVI.
’k Song, Lionel, dyn ljeafde; ik joech myn stim
Det dêryn tsjûgje mocht dyn geast, hweroan
It egen lûd ûntstoar. Ik naem dyn kroan,
En laei op ’t egen hier syn bleke glim.
Lang wier dyn ljeafde ek mines; hiel myn moarn
Wier, frjeonen fen myn siele, wijd oan jim,
’k Joech jim myn ljeafde en tocht aloan oan him
Dy’t lijde as ik, de kenings-ljeafde ûntstoarn.
Wyld, twingend ha ’k jim ljeave en ’t wier myn rjucht.
For kinstners is de skientme slachteleas,
En ik hie neat as ’t glânzgjen fen jim eagen.
En nou’t myn geast nei greater dagen tsjucht
Bliuw ’k seinjend jim, myn frjeonen, dy’t ik keas
Do’t ik to stjerren tocht yn hate en ljeagen.