TRIJE LYTSE RIGEN.
OAN IN FRJEON.
I.
Dêr’t ûnder bûgend wâld in wjitt’ring klear
Mids blomte en snilen streamt, hast toeve yn dreamen;
Stil weven glinsters oer dyn hier; de seamen
Fen reid oan d’ oere rûzen bliid en tear.
Sims hast dy bûgd en delsjoen yn de streamen
Dêr’t hiel in wrâld him yn syn dream forlear;
Dyn antlit, yn de goud-stream blank en tear,
Wier glinzich fen in langstme, nea to neamen.
Do is de faem Idoena glimkjend gien
En hat hjar bûgd, sêft oer dyn skouders hinne,
En yn de wjitt’ring seachstû nêst dy ien
Sa goed en myld, as nea gjin minsken binne...
Forheard seachst op. Hja wier yn beamt fordwoun
En inkeld rûze in lústrjen ’t wâld yn ’t roun.