III.
Ik wit, Jy tinke hjoed om him, hwaens each,
Ienris ús ljeafste treast, tobriek yn lijen,
Jins man, myn Heit—de nacht bigloep him mijen
En diek him hoeden mei hjar deadlik reach.
’k Hear yet syn stimme, yet syn trêd; ho teach
Hy sterk en fêst oer ’t skymrich paed! Yn swijen
Droech hy syn leed, yn krêft oerwoun er ’t lijen—
Hy rêstgje sêft, dy’t fen ús ierde teach.
Mar sjuch, hy is yn my wer riisd. Syn bern
Hat fen syn geast, is skepen nei syn byld,
En hwet forstoar, riist nei it ljocht omhegen.
Sa bliuwt syn ljeafde en wêzen ús biskern,
En ’t is, as gean wy dêr’t in hoedzjend skyld
Us wegen dekt, lyk wy bitrouwend fregen.