IEPENBIERING.
I.
In blom dy’t hjar ûntjaen wol, middeis ier,
As hiel de simmerloft yn ljochtgoud driuwt,
Wylst in swietrook’ge wyn hjar kroane omwiuwt
En mijen iepenteart hjar dimm’ne sier,
Sa wrakslet ek myn skamte tsjin, dy’t bliuwt
Al bounzet yn myn hert midsimmer’s tier—
Sa iep’net hjar myn siele, têd en swier,
Dy’t twiivlet en bitrout, dy’t freegjend leaut.
De gûchel-wrâld giet yn hjar steatsklaed skûl
En dekt hjar ta, is ’t liif mar efkes bleat,
Hwent hjar ôfstjitlikheit tobarnt hjar, fûl;
Mar ik, heech steande yn simmer’s keine steat,
Jow bliid my bleat, forspij èn skaed èn skûl,
Liz ’t lêste weefsel ôf en eangje neat.