VIII.
Nou kear ik yn ta Dy, great-machtich God,
Hwaens hearlikheit myn lyts bigryp oergiet;
Hwent folle sei ’k yn dit forklearjend liet
Fen ho’st my skoepst en fen myn talein lot,
En ’k neamde my mei menn’ge namme en ’k hiet
My sjonger, preester, noeder fen in skat,
En ’k like sels my great, my byldzjend det
Ik mids de kenings fen Dyn wrâldrom siet—
Dennoch forswige ik yet myn swiidste rom,
Ien, great en heech, o Hear, as ierdske tael
Hast net bineame doar, fen Dy biskern,
Hwent mear as ik as bard en preester kom,
Bin ik, nei ’t great ûnthjit fen ’t âld forhael
—En ’t is in saed fen himelsk lok—Dyn Bern.