II.
Myn moarmren went’ riist dêr’t de séwyn sêft
In liet sjongt tsjin it dún, fen iivge wille,
En stiet, fen weagen skûmmich wiet omtrille,
Yn blanke rêst fen al to greatske trêft.
Sâlt waret dêr de rook fen ’t wiid; de krêft
Fen greate weagen ropt; hja rize en tille
De koppen heech en sinke; fier forsille
Rûz’t yet it wûnder fen hjar stjerliet sêft.
En fen myn toer sjuch ik de wûndre joun,
It heimich rizen fen de greate sinne
En ho’t de dei syn goud’ne krânsen woun;
Dêr sjongt de sé syn ivich liet; dêr rinne
De weagen rêd nei ’t fiere doel; dêr foun
Ik inkeld smerte en langstme.... ’k bin allinne.