6 Mei 1904.
De simmertwirre kroeze ’t blau fen mar en poellen,
It gloeijend jounljocht mielle ’t hiele gea mei goud,
It stompe toerke yn ’t beamt’, de húzen yn ’e lichte,
En ’t bûtlân, der it gêrs sa simmersk-lang oer blauwd’....
’t Wie ’t gea wer fen syn jonkheit, der ’t syn earste sangen,
Opbûrrlen út de welle fen syn dichterhert;
Der ’t earste nocht útgeid, fen ’t greatste lok sêft flústre,
Der ’t hert mei ’n droeve toan syn earste leed bilett’....
It blonk sa moai as do—doch—sa ’s de weagen giene
En rôlje aloan en keare nimmernet werom,
Sá seach de Sjonger twa geslachten bloeije en stjerren,
Nou ’t tredde oan ’t bloeijen ta, sa ’s ’n moaije simmerblom.
Dy âlderein lei ’t ôf, dy-t earst syn sangen songen,
For hwa ’t hy skildre hie mei ’t bizich glimke en ’t wird,
Mar as in kostlik goed, forerfd fen heit op soannen,
Sá libben jountiids noch syn teltsjes by de hird.
Dan snûrre yn ’e hoek de wiele warber fierder,
Op ’n knopkestoel siet heit, dy smoute prater dan
En hie ’t der oer; de bern dy waerden slûch fen ’t harkjen,
En letter yn ’e sliep dan laken s’ er noch fen!
Sá joech hy wille en nocht oan trije minskeslachten,
En hwat der kaem en gyng—syn sang foroare net....
Hy wie s’ as d’ âlde beam, hwaens skaed sa lang fornûget,
Hwaens rûzjen yn ’e Moarn—om Middei—Jouns min heart!
De snie fen d’ âlderdom hat ek syn krún biflokke,
Mar ho ’t de stoarm him teistre en ’t leed him ek bisnoeid’,
Hy stiet—sierd mei syn tachtich jier, noch mids de jongren,
As sinneljocht sims noch syn geest it wird trochgloeit!
Dan klinkt der yet in sang for oare, jonger minsken,
Bernsbern fen d’ âlden, der-t hy jong mei wie en blij,
En as hy sjongt fen âld’ne ljeafde en lok en wille
Dan fiele hja dat mei—hja ljeavje sa ’s do sij!
Al gyngen ek geslachten as de mar syn weagen,
Syn each foarby—it Folk, der ’t hy for song, dat bliûwt,
Ut jonger kelen brûzje nou dy ljeave, swiete sangen,
Ut jonger herten ’t bizich teltsje ’t leed fordriûwt.
Sá Sjonger, libbet ’t liet, dyn liet, dat oer dyn harpe rûsde,
Foart, ho-t ek ’t libben kliûwt en ebbet nei syn ein;
Dû bist in soan fen ’t Folk, hast djip yn ’t herte lêzen,
En derom for dat hert de rjuchte toan oanslein.
Dû hast de jonkheit sjoen fen d’ Inkle, fen Geslachten,
Koart wiern’ se mar yn fleur, al wie hjar ’t bloeijen swiet,
Mar hwat der komt en stjert, forgetten wirdt troch oaren;
In jimmernije jonkheit ken ’t swietlûdich—ken dyn Liet!